Is sylster Marit Bouwmeester de bêste fan de wrâld?

Marit Bouwmeester © Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten makket kâns op de 'Rolex World Sailor of the Year Award'. Sy is ien fan de fiif nominearden foar dizze ynternasjonale priis. Bouwmeester wûn dit jier op de Olympyske Spelen goud yn de Laser Radial klasse. Se nimt it op tsjin in oantal oare Olympyske kampioenen fan Rio.
De stimbussen binne iepen oant moandeitemiddei 12 oere. Kommende tiisdei wurdt de winner by de manlju en froulju bekend makke yn Barcelona. De award is neffens it ynternasjonale sylbûn 'de meast prestisjeuze priis yn de sylwrâld'.
Twa eardere winners
Yn it ferline hawwe twa Nederlanners de World Sailor of the Year Award wûn: Margriet Matthijse yn 1999 en Carolijn Brouwer yn 1998.
Bouwmeester makket yn Nederlân ek noch kâns op de titel 'Siler fan it jier'. Dizze Conny van Rietschotentrofee wurdt mids novimber útrikt op it Zeiler van het Jaargala yn Amsterdam.