Moaiste skonken komme út FRL

15 maaie 2012 - 21:33

Tjitske Annie Vries út Droegeham hat de moaiste skonken fan hiel Nederlân. Dat die tiisdei bliken op in ferkiezing dy't organisearre wie troch it moadeblêd Cosmopolitan en skearfabrikant Gillette. Tjitske Annie hearde twa wiken lyn dat se by de finalisten siet. Se moast ûnder oare op de catwalk rinne foar sjueryleden Bettina Holwerda en Renate Verbaan.

Nei koart sjuerypetear waard bekendmakke dat de moaiste skonken út Fryslân komme. De winneres hat ûnder oare in weardesjek fan 1.000 euro krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)