Friezen liene net gau jild om in auto te keapjen

© Omrop Fryslân
Friezen brûke minder faak as gemiddeld in liening om in auto te keapjen. As sy dan ál in liening nimme, dan is it bedrach gemiddeld ek leger. Dat docht bliken út ûndersyk fan Geldshop, in bedriuw dat bemiddelet by lieningen foar auto's.
Gemiddeld liene Friezen in lytse 9000 euro foar in auto, goed 500 euro minder as it lanlik gemiddelde. Flevolân is de absolute koprinner as it giet om lienen foar in auto. Dêr wurde mear lieningen ôfsletten as gemiddeld en ek nochris foar it heechste bedrach.
Ynwenners fan Grinslân binne it foarsichtichst. Dêr is it gemiddelde bedrach wat liend wurdt foar in auto it leechst.
Minder as ferline jier
Fierder falt op dat it gemiddelde lienbedrach dit jier flink omleech gien is yn fergeliking mei 2015. Doe lienden minsken gemiddeld 11.049 euro, tsjinoer 9.502 euro yn 2016.