Sven Kramer makket sneon syn debút yn maratonkompetysje

© ANP
Reedrider Sven Kramer makket sneontejûn syn debút yn de maratonkompetysje. Kramer stiet dan oan de start fan de KPN Maraton Cup-wedstriid yn Tilburch. Hy foarmet dêr in ploech mei Douwe de Vries, Patrick Roest en Alexis Contin. De start is om 20.30 oere.
Fuort nei de maraton leit de fokus fan Kramer al wer op it langebaanreedriden. Nije wike stiet nammentlik de earste wrâldbeker op it programma. Dy fynt plak yn it Sineekse Harbin.