Skoalle Boarnwert hat in soad bernepostsegels ferkocht

04 nov 2016 - 14:15
Foto: ANP

Basisskoalle Bernewird yn Boarnwert is lanlik ien fan de 25 bêst ferkeapjende skoallen fan bernepostsegels. Dêrmei wint de skoalle in skoalreiske nei attraksjepark Duinrell. Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hat de priis hjoed oerlange oan Bernewird. De ferkeap fan bernepostsegels hat dit jier 9,3 miljoen euro opbrocht. Dat makke de Stichting Kinderpostzegels freed bekend.

Basisskoallearlingen fan de groepen sân en acht gienen ein septimber by de doarren del om de bernepostsegels en bernekaarten te ferkeapjen. It grutste part fan de bestellingen wurdt fan woansdei ôf besoarge. Ferline jier brocht de aksje 9,5 miljoen op, yn 2014 wie dat 9,1 miljoen euro. De bernepostsegelaksje bestiet al sûnt 1924. It jild dat dermei ophelle wurdt, giet nei kwetsbere bern yn binnen- en bûtenlân.

(advertinsje)
(advertinsje)