Fryske tsjotters farre nei Tasmanië

04 nov 2016 - 14:03

Yn Heech wurde freed fjouwer tsjotters en in reinbôge ynpakt en yn konteners laden foar in transport nei Tasmanië. Dêr dogge se fan 10 oant en mei 13 febrewaris mei oan it Australian Wooden Boat Festival, dat is sis mar de Australyske ferzje fan Sail. De skippen binne fan de 70-jierrige Stichting Friese Tjottervloot.

Neffens wurdfierder Klaas Smit leit de oanlieding by in eardere besite mei de tsjotters, oan Frankryk. ''Trije jier lyn wienen wy in Frankryk mei alle tsjotters, doe mei alve boaten. De frou dy't dat regele, fertelde ús dat der no wat yn Tasmanië wie, en frege oft wy dêr ek hinne woene.''

Demonstraasjes

De minsken fan de Stichting Friese Tsjottervloot sille yn Tasmanië demonstraasjes jaan. ''We litte de besikers ek sels sile. Dêrnjonken fertelle wy oer de tradisjonele skippen. Uteinlik is it in unike wize om Fryslân en de tsjotters oan te priizgjen'', sa seit Smit.

Ferfier

Om oan de oare kant fan de wrâld oan te kommen, moatte de skippen in hiele reis ôflizze. Dat is net sûnder risiko, want der kin altyd wat barre ûnderweis. ''Se moatte hiel stevich fêststean'', sa fertelt Klaas Smit. ''De tsjotters gean mei in grut skip nei de oare kant fan 'e wrâld. It kin weagje, it kin hjit wurde. Dus it is noch wol spannend.'' 

Trefwurden: 
Heech tsjotterfloat Tasmanië
(advertinsje)
(advertinsje)