Fryslân stekt miljoenen yn bettere wetterkwaliteit

04 nov 2016 - 13:49

De provinsje en it wetterskip stelle mei elkoar goed 10 miljoen euro beskikber foar lânbouprojekten dy't de wetterkwaliteit helpe te ferbetterjen. Beide partijen hawwe dêrfoar freed mei LTO Noord in oerienkomst ûndertekene.

It giet bygelyks om it beheinen fan bestridingsmiddels, de oanlis fan natuerfreonlike wâlkanten en it soargjen foar ekstra wetterberging. It jild is benammen bedoeld foar projekten wêrby't meardere boeren gearwurkje.

De goed 10 miljoen euro makket diel út fan in grutter tal maatregels wêroer't ôfspraken makke binne. Yn totaal is dêrfoar de kommende fiif jier 34 miljoen euro beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)