"Gerrit of Achmed? As se har wurk mar dogge!"

04 nov 2016 - 13:42

Makket it by in sollisitaasje wat út oft je Achmed of Gerrit hjitte? Ja, tinkt de gemeente Den Haag en dêrom wolle se dêr tenei de earste seleksje fan kandidaten anonym dwaan. Is dat in goed idee en soe it wat úthelje? Op de Ljouwerter freedsmerk tochten de measten dat Gerrit by in standert sollisitaasje mear kâns makke as Achmed.

"Dat heart sa net, mar sa giet it faak wol." Mar ek: "We ha al sa'n soad bûtenlanners en ús eigen minsken komme ek dreech oan it wurk!". In oar stelde krekt dat we allegearre gelyk binne: "Oant dat bewiisd is dat ien ferkeard is; en dat hat neat mei hûdskleur te meitsjen." Uteinlik gie it meastentiids dochs om de kwaliteit fan de kandidaat: "Al hjit er Pyt, Klaas, Achmed of Ali, it ynteressearret my neat. As er syn wurk mar docht!".

Trefwurden: 
sollisitaasje
(advertinsje)
(advertinsje)