Oprop: "Bring gjin jassen mear yn foar Lesbos"

De inisjatyfnimmers fan de ynsammelaksje fan jassen foar Lesbos roppe minsken op om gjin jassen mear te stjoeren. Der binne de lêste tiid safolle jassen ynsammele dat se de grutte oantallen net mear ferwurkje kinne.
De oprop jildt net foar minsken dy't al in ôfspraak hienen om jassen te bringen. Der binne oant no ta sa'n 2500 winterjassen sammele. "In fantastysk oantal. Ien saak is wis, as je Friezen nedich binne, dan binne se der foar in oar", sa seit Ankemarije Piebenga.
"De ynwenners fan de flechtlingkampen hawwe ien tinte en in UNHCR-tekken. Der is gjin waarm wetter, gjin ferwaarming en it is der kâld. De jassen sille 24 oeren deis droegen wurde op Lesbos."
Sneontemiddei wurdt de fracht jassen nei Amsterdam tabrocht. Piebenga is benaud dat mei alle jassen dy't no noch binnenkomme der net genôch tiid mear is om te sortearjen en yn te pakken.