Postma sakket op WK Finn

15 maaie 2012 - 19:06
Foto: Robert Deaves/Finnklasse

Finn siler Pieter Jan Postma is op de tredde dei fan it WK yn it Ingelske Falmouth sakke fan it njoggende nei it trettjinde plak. Mei in 20e en in 14e plak yn de fiifde en sechde race hie de siler út Terkaple gjin goeie dei.

Postma makket noch wol kans om yn de top tsien te silen. Syn efterstân op dat plak is mar sân punten. Foar in definitive olympyske kwalifikaasje is in plak by de bêste achttjin silers en by de earste tolve lannen genôch.

Trefwurden: 
Pieter-Jan Postma
(Advertinsje)
(Advertinsje)