Fjouwer projekten nominearre foar Vredeman de Vries Priis

04 nov 2016 - 12:49
In eardere útrikking fan de Vredeman de Vries Priis - Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra

De sjuery fan de Vredeman de Vries Priis foar arsjitektuer hat fjouwer projekten nominearre. Der wienen yn totaal tritich ynstjoerings. De nominearren binne it Seedyk Kiekje yn Aldemardum, it nije poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, it gebou fan Wetsus yn Ljouwert en de nije wenning by de jachthaven en camping op It Heidenskip.

De Vredeman de Vries Priis wurdt alle jierren útrikt, mar it iene jier is it in priis foar arsjitektuer, it oare jier foar foarmjouwing. De sjuery sjocht nei it ûntwerpproses, de taheakke wearde en de relevânsje foar de mienskip. Sneon 26 novimber makket deputearre Sietske Poepjes de winner bekend yn Museum Dr8888 yn Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)