Klaas Haijtema komt op 24 desimber frij

Nathalie Stoop, de freondinne fan Klaas Haijtema is ûnderweis nei Myanmar. Klaas Haijtema sit sûnt 23 septimber yn de finzenis yn it Boeddhistyske lân neidat hy de stekker út in fersterker lutsen hie by in Boeddhistysk feest. Hy wist net dat it in Boeddhistyske tsjinst wie. It lûd wie sa hurd dat hy earst frege oft dat wat sachter koe.
Doe't der net op reagearre waard luts hy de stekker út it stopkontakt. Dêrnei ûntstie der rebûlje. Nei in wike ûnwissigens waard hy úteinlik feroardiele ta trije moanne selstraf.
Ynienen tastimming
Syn freondinne Nathalie mocht net by him op besite en is nei Nederlân weromgien. Der hawwe ferskate fersiken west om dochs by Klaas op besite te gean mar dat like hieltyd net te slagjen.
Oant tongersdeitemoarn. Doe kaam der ynienen tastimming. Nathalie hat fuort in ticket boekt en is tongersdeitejûn rjochting Myanmar flein. Neffens mem Leny Haijtema is de tastimming foar ien besite.
Kontakt mei Klaas
De famylje hat hielendal gjin kontakt mear hân mei Klaas. Wol hat in Kanadees, dy't ek fêst siet mar wer frij is, kontakt socht mei de famylje en ferteld dat it net sa goed gie mei Klaas. Hy mist syn famylje en hopet op in teken fan libben. Mar dat slagge oant no ta net.
Neffens mem Leny giet it net goed mei Klaas. Hy sit yn ôfsûndering en hat hielendal gjin kontakt mei de bûtenwrâld.
Der rint noch in fersyk foar de perioade fan 7 oant 30 novimber fan de heit fan Klaas en fan Nathalie om Klaas op te sykjen. Nathalie bliuwt foarearst yn Myanmar.
Krityk op Bûtenlânske Saken
De mem fan Klaas hat krityk op de wurkwize fan de ambassade en bûtenlânske saken. Se fynt dat dy fierstente formeel binne en te min ynformaasje jouwe. Se hawwe neffens har net genôch belutsenheid by de famylje en de drege sitewaasje dêr't sy en Klaas yn sitte. Sa soene se graach wolle dat de ambassade sa út en troch besiket te hearren hoe't it mei Klaas giet.
De famylje hat ek de frijlittingsdatum trochkrigen. Op 24 desimber komt Klaas neffens de autoriteiten fan Myanmar frij.