Hearrenfean-oanfierder Stijn Schaars keart werom by Oranje

Stijn Schaars © AWfoto
SC Hearrenfean-oanfierder Stijn Schaars is opnaam yn de definitive seleksje fan it nasjonaal alvetal. Nije wike spilet Oranje twa duels, tsjin België en Lúksemboarch.
Schaars makke tsien jier lyn syn debút by Oranje, yn in freonskiplike wedstriid tsjin Ierlân. Hy hat oant no ta 23 duels foar yn nasjonale alvetal spile.