Liesette Bruinsma krijt nominaasje as 'Jongere van het Jaar'

Liesette Bruinsma, ien fan de suksesfolle Fryske sporters by de Paralympyske Spelen yn Rio © ANP
Paralympysk swimster Liesette Bruinsma út Wommels is nomineard foar de titel 'Jongere van het Jaar 2016'. De 16-jierrige Liesette is nomineard fanwegen har goede prestaasjes op de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Dêr wûn se mar leafst fiif medaljes: twa kear goud, ien kear sulver en twa kear brûns.
Yn de ferkiezing nimt Liesette it op tsjin seis oare jongeren. De ferkiezing is in inisjatyf fan 7Days (foarhinne Kidsweek), in nijsplatfoarm foar jongerein. Stimme op de nominearden kin oant 22 novimber, de priisútrikking is de 24e.
Twadde nominearde swimmer
Oare nominearden binne aktrise Susan Radder (17), oprjochter fan Gay Straight Alliance (GSA) Costas Vermeer (16), foodblogger Alessandra Peters (18), dj Bryan du Chatenier (16), YouTube-talint Jeroen van Holland (17) en fotografe Annegien Schilling (17).
Liesette Bruinsma is net de earste Fryske sporter dy't kâns makket op de titel 'Jongere van het Jaar'. Fjouwer jier lyn, yn 2012, wûn swimmer Olivier van de Voort út Elslo de titel. Ek hy die dizze simmer mei oan de Paralympyske Spelen.