Struit Pyt aanst yn Ljouwert mei glutefrije pipernuten?

04 nov 2016 - 12:06

Der is noch mar 500 euro ophelle foar in crowdfundingsaksje foar glutefrije pipernuten, opset troch de stichting dy't elk jier de yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert organisearret. De tariedings op de komst fan Sinteklaas binne nammentlik wer yn folle gong. De Sint komt op sneon 12 novimber oan yn de Fryske haadstêd.

Sinteklaas en syn Piten diele dêrby neffens tradysje snobbersguod út. Om't der hieltyd mear bern allergysk binne foar gluten, moatte der ek glutefrije pipernuten ynslein wurde. Mei dy ynstek is de organisaasje Stichting Sinteklaas Yntocht Ljouwert mei de crowdfundingsaksje úteinset.

Djoer

De glutefrije pipernuten binne lykwols tige djoer. It Ljouwerter Undernimmers Fûns Fonds betellet gewoanwei de kosten fan de yntocht, mar troch de bysûndere pipernuten is der mear jild nedich. Fia Facebook en op in spesjale webside kinne minsken jild donearje. Der is oant no ta goed 500 euro binnen kaam, wylst der yn totaal 1.500 euro nedich is om de glutefrije pipernuten oan te skaffen.

''Veel positieve reacties''

Inisjatyfnimmer Sven Keller seit dat der noch in soad donaasjes nedich binne, mar bliuwt posityf. "We krijgen heel veel positieve reacties binnen. Dat is fantastisch." Hy ferwachtet dan ek dat de 1.500 euro wol helle wurdt. Keller is mei in oantal bedriuwen yn petear om stipe. 

Ek docht er in berop op partikulieren. "We zoeken particulieren die een steentje willen bijdragen. Maar we willen hen ook wat terug geven." Op de webside kinne minsken nammentlik ek jild donearje yn ruil foar produkten fan Ljouwerter winkeliers of bygelyks in besite fan Sinteklaas en syn Piten. De bern hoege har yn elk gefal gjin soargen te meitsjen, ek al wurdt it bedrach krekt net helle, de glutefrije pipernuten komme der yn elk gefal wol.  

Spesjale miter

Bern dy't graach glutefrije pipernuten fan Sinteklaas krije wolle, kinne in spesjale miter downloade op de webside fan de stichting. Dizze kin útprinte, yn elkoar set en meinaam wurde nei de yntocht yn Ljouwert. Troch de miter op 'e holle binne se foar de Sint en syn Piten goed sichtber as dy pipernuten útdiele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)