Van der Kooij Drachten oernaam

15 maaie 2012 - 18:45
Foto: Omrop Fryslân

Reklameburo Van der Kooij út Drachten wurdt oernaam troch Telenga Media Groep út Frjentsjer. Van der Kooij is spesjalisearre yn bûtenreklame en is neffens Telenga in oanfolling op it bedriuw.

De personielsleden fan it bedriuw bliuwe yn deselde foarm op deselde lokaasje wurkjen. De namme fan Van der Kooij feroaret nei Telenga Sign.

(advertinsje)
(advertinsje)