FIDEO: Gunnar Daan, in ferneamd arsjitekt is net mear

04 nov 2016 - 11:12

Ofrûne wykein ferstoar ien fan Fryslân's meast ferneamde arsjitekten: Gunnar Daan (77). Tongersdei is er te hôf brocht yn Easternijtsjerk. 

Daan makke ûnder oaren de ûntwerpen foar Crystalic yn Ljouwert, it kariljon fan Drachten, it gemeentehûs fan Dongeradiel en it Aquaverium fan Grou. Mar hy tekene benammen wenhuzen. Lykas in hûs dat yn 1990 by Langsweagen boud waard. Omrop Fryslân folge Daan doe foar Fryslân Dok. Dizze ôflevering kinne jo hjir weromsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)