Snein Freonedei: jubileum fan de Freonen fan Omrop Fryslân

05 nov 2016 - 06:30

Oankommende snein iepenet Omrop Fryslân yn Ljouwert de doarren foar de Freonen fan de Omrop. Op dizze spesjale Freonedei wurdt it 35-jierrich bestean fan de Freonen fan Omrop Fryslân fierd. Freonen en meiwurkers dogge dat mei in moarnsbrochje, in mienskiplike tsjerketsjinst en ferskate oare aktiviteiten. Mar wêr hâlde de Freonen fan Omrop Fryslân har no eins mei dwaande? En hoefolle Freonen hat de Omrop krekt? Wy leinen de foarsitter fan de Freonen fan Omrop Fryslân, Andrys de Blaauw, de folgjende fragen foar.

Hoe binne de Freonen fan Omrop Fryslân krekt ûntstien?
''It begjin leit eins yn de sniewinter fan 1979. Hiel Fryslân lei bedobbe ûnder metershege snie. Fia Eelke Lok hâlde de Fryske radio kontakt mei de hiele provinsje en koe de helpferliening op gong komme. In aksjekomitee waard oprjochte, om't men fûn dat der yn Fryslân in eigen stjoerder komme moast, as in soarte fan kalamiteitestjoerder. Nei tal fan aksjes rjochting de polityk waard yn novimber 1981 offisjeel de feriening Freonen fan Omrop Fryslân oprjochte. Striders fan it earste oere wienen bygelyks Bearn Bilker en Clara de Boer-de Jong.''

Wat dogge de Freonen krekt?
''Wy hâlde ús dwaande mei it yn stân hâlden en sa mooglik ferbetterjen fan in folweardige Omrop Fryslân en it sa mooglik útwreidzjen fan de beskikbere stjoertiid. Dêrnjonken besykje wy de Fryske taal en de streektalen te bewarjen en te stimulearjen. Kontinu aksjefieren is en bliuwt dan ek ien fan de wichtichste taken fan ús feriening!''

Hoefolle Freonen binne der en wêr komme se wei?
''Der binne ûngefear 3400 Freonen fan Omrop Fryslân. De Freonen binne oer de hiele wrâld ferspraat. Der binne bygelyks in soad Friezen om utens dy't yn Nederlân wenje en Freon binne. Mar de measte Freonen komme natuerlik út ús eigen provinsje.''

Op hokker aksjes fan de Freonen binne jo it meast grutsk?
''Uteraard de aksjes om te kommen ta in eigen stjoerder en in eigen stipersferiening. De aksjes om leden te winnen op de lêste dei fan it jier, yn it programma Fryske Top 100, en by ferskate eveneminten yn Fryslân. En natuerlik ús aksjes, tegearre mei de Ried fan de Fryske Beweging en it Europeesk Buro Lytse Talen, om foar te kommen dat Omrop Fryslân opgean moast yn in lanlike Regionale Omrop.''

Ynskriuwe foar de Freonedei is net mear mooglik. Binne jo der net by op 6 novimber? Dan kinne jo dochs noch wol in bytsje mei genietsje. De tsjerketsjinst is fan 9.15 oere ôf live te folgjen op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)