Bûsboekje beleannet filmmakker foar gebrûk fan Frysk

04 nov 2016 - 10:45
48 Hour Film Project - Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes

De redaksje fan it Bûsboekje jout 250 euro oan de dielnimmer oan 'The 48 Hour Film Project Leeuwarden 2016', dy't it meast docht mei it Frysk of in streektaal. Sa wol it Bûsboekje stimulearje dat jonge filmmakkers ûntdekke datst mei in lytse taal ek moaie en suksesfolle films meitsje kinst.

Sa wie ferline jier op it Noardlik Film Festival de IIslânske film RAMS in grutte hit. 48 Hours begjint freedtejûn om acht oere. De dielnimmers hawwe 48 oeren de tiid foar in eigen filmproduksje.

48 Hours wurdt holden yn it ramt fan it Noardlik Film Festival yn Ljouwert. Dat fynt plak fan 9 oant 13 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)