Earste training Hearrenfean

15 maaie 2012 - 18:34
Marco van Basten

Sportklub Hearrenfean hat op sneon 30 juny de earste training mei de nije coach Marco van Basten. De ploech sil har yn it Abe Lenstra stadion klearmeitsje foar de oefenwedstriden foar nije seizoen.

De earste oefenwedstriid dy't de klub spilet is tradysjoneel tsjin Gaasterlân/Sleat. De training mei de nije coach is frij tagonklik foar supporters.

(advertinsje)
(advertinsje)