Noch in Fryske master nominearre foar ferkiezing Mees Kees

© Omrop Fryslân
Ek Stijn Beerends fan de M.J. Tamsmaskoalle yn Tsjummearum makket kâns om Mees Kees te wurden. Dizze ferkiezing is ûnderdiel fan in kampanje om mear masters foar de klasse te krijen. Mees Kees is de namme fan de populêre jeugdfilms en boekerige. Ek master Freerk Brouwer fan basisskoalle De Trime yn Beetstersweach is nominearre.
De sjuery hat yn totaal tsien masters oanwiisd. Oant 20 novimber kin der op ien fan har stimd wurde. De trije bêst skoarende masters meie mei harren klasse nei de nijste Mees Kees film. Dêr wurdt de úteinlike winner bekend makke.