Nij winkelsintrum Gytsjerk iepenet takom wike

Takom wike giet it nije winkelsintrum fan Gytsjerk lang om let iepen. De ôfrûne tiid waard der drok boud oan it sintrum, dat der nei wol tweintich jier oan plannen einliks komt. Yn it winkelsintrum komt de fêstiging fan Albert Heijn, mar ek in seistal oare winkels.
De lokale middenstân en pleatslik belang binne bliid dat der einliks skot yn de saak kommen is. Boppe de winkels komme ek noch fjouwer wenningen.
''Einliks in nij sintrum''
Harmen Bosma, fan it doarpsbelang yn Gytsjerk, is tige bliid dat it nije winkelsintrum de doarren hast iepenje kin. ''Ik bin hiel grutsk. Dit is in geweldich gefoel. Einliks, nei tweintich jier, hawwe wy in prachtich nij winkelsintrum.''