Automobilist rekket ferwûne nei ûngelok by Teridzert

04 nov 2016 - 08:49
Foto: De Vries Media

By in ûngelok op de A32 by Teridzert is freedtemoarn in automobilist ferwûne rekke. De bestjoerder rekke yn in slip en kaam mei de auto neist de ôfrit Teridzert telâne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De auto is fuortsleept. De oproppen brânwacht hoegde fierder net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
Teridzert ûngelok brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)