Kollum: ''Lêst fan ‘e bealch''

04 nov 2016 - 08:27

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

''In pear jier lyn, krige ik fan lêst fan ‘e bealch. Myn ûnderrêch wie stiif, ik hie wol gauris skouder- en nekklachten en ik gong fan de iene terapeut nei de oare. Ik ha in bêste fysioterapeut dy’t my ek alle kearen wer gau op ‘e rit hie mar de klachten kamen hieltyd werom. Doe ha ’k op oanrieden fan in kunde ris nei in oare terapeut west mar dy hat my naait der’t ik by stie yn allinnich mar myn ûnderbroek. It hat in fermogen koste, neat holpen en lekker wie it ek net.

De klachten wiene de iene kear slimmer as de oare kear mar ik fielde my faak âld en hie dan ek net in soad enerzjy. Ik sleepte my in wei troch de dei en plofte jûns útteld op ‘e bank del. Net bêst, eins , as je in jier as 40 binne en in drokke húshâlding hawwe.

Ik ha fan alles besocht om my wat fitaler te fielen. De iene terapeut sei dit, de oare dat en it holp altyd mar efkes. Myn hâlding wie net goed, myn holle stie skean, de rêchbonke net rjocht en ik hie lingteferskil tusken de skonken. Oan guon tips en minsken ha ‘k echt wol wat hân mar nimmen hie it ferlossende antwurd.

Ik hie it skerm fan de kompjûter al heger dien om de nekklachten te foarkommen, in oprôle handoek yn ‘e rêch foar de hâlding en ik tocht dat it miskien wol goed wie om wer ris nei de sportskoalle te gean. Gympen út ‘e kast en yn ‘e TRX bannen hingje. Ik fûn it freeslik. Myn liif wurke net mei en alles die my sear, sels in sturt yn it hier koe ik net ferneare. Mar it wie gjin gewoane spierpine, it fielde oars.

En doe op in dei bestelde ik it boek ‘De snelle afvalmachine’. It is net echt in dieet, mar in programma om de terms wer sûn en sterk te meitsjen. Je meie safolle ite as je wolle mar bepaalde dingen dingen foar in pear wiken net. Der steane hearlike resepten yn en it wie goed fol te hâlden. En al hiel gau tocht ik: ‘Ferrek, ik fiel my liniger.’ De ûnderearms diene net mear sear, de skouders en nekke fielden goed en de ûnderrêch ek. Ik hie mear enerzjy en doe’t de wiken om wiene en ik wer suvelprodukten ite mocht, kamen de klachten werom.

Ik krige alle dagen yochert en wie sljocht op slachrjemme. Op ‘e waarme poeiermolke, ierdbeien of  fla en sa no en dan stikem wat út ’e bus sline. Mar it kin net mear want as ik tefolle suvelprodukten krij, komt de pine fuortendaliks werom.

Ik ha dizze simmer wer in kear keatst nei in jier of tsien, sûnder warming up of te oefenjen. No… dan witte je wol wer efkes wat echte spierpine is! It is freeslik mar op in bepaalde manier fiele je der ek wol eat fan foldwaning by. Dy oare pine is seurend en kostet in soad enerzjy. It lûkt yn myn liif as ik de ferkearde dingen yt en it lûkt der wer út as ik it stean lit.

Ik lit my foarearst net wer naaie troch ien of oare djoere terapeut en as ik om myn iten tink, sit ik lekker yn myn fel. It is echt hiel spitich fan de fla, yochert en de slachrjemme… mar we hiene wol de earste priis mei it keatsen en dat boek wie in boppeslach!''

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)