Italiaanske skoalbern winne kampioenskip Frysk damjen

04 nov 2016 - 07:17

It ynternasjonaal kampioenskip Frysk damjen ûnder skoalbern is wûn troch Italië. Ungefear santich learlingen fan tsien skoallen dienen tongersdei mei oan it kampioenskip, as ûnderdiel fan it projekt Fryske Sport yn dyn Klasse. Ien team kaam út Aosta yn Noard-Italië. De oare teams kamen út Wommels, Arum, Blauhús, Aldegea, Lollum-Waaksens, De Gaastmar, De Hommerts, Sibrandabuorren en Gau.

Nei sân omlopen die bliken dat it Italjaanske team it sterkste wie. De sterkste yndividuele dammer wie Wybren Ykema fan De Gaastmar. Hy wûn as iennichste alle sân partijen.

Trefwurden: 
Frysk damjen skoalbern damjen
(advertinsje)