Twa ferwûnen by wenningbrân yn Húns

By in brân yn in wenning oan de Huns yn Húns binne tongersdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. Se rûnen brânwûnen op doe't de flam yn de panne sloech. De bewenners wisten it fjoer sels út te krijen. By oankomst fan de brânwacht en de plysje stiene de twa al bûten.
Beide ferwûnen binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De brânwacht hat de boel kontrolearre, mar hoegde fierder net yn aksje te kommen. De wenning hat lichte skea oprûn.