FIDEO: Spektakulêr útsicht fan de toer by Spannenburch
Us ferslachjouwer Timo Jepkema wie tongersdei by de iepening fan in nij datasintrum yn de toer fan Spannenburch. Yn de heechste toer fan Fryslân fasilitearret it bedriuw ViaData fan It Hearrenfean no dataopslach. Eins skande want mei syn 118 meter soe it in prachtige útkyktoer wêze. Besjoch de bylden dy't Timo makke hat en genietsje mei fan de spektakulêre fiergesichten.