Selde rekkenmetoade foar basis- en fuortset ûnderwiis

03 nov 2016 - 21:40

Yn Tytsjerksteradiel is in metoade ûntwikkele dy't de oansluting ferbetterje moat tusken basisskoallen en it fuortset ûnderwiis as it giet om rekkenjen. De wize wêrop it rekkenûnderwiis jûn wurdt, kin behoarlik ferskille tusken it basis- en fuortset ûnderwiis. Dan kostet it mear tiid om learlingen it rekkenjen goed te learen.

Leararen fan it PCBO Tytsjerksteradiel en it CSG Liudger ha no mei stipe fan de gemeente in saneamd rekkenportfolio makke dat bestiet út twa dielen, ien foar de learling en ien foar de dosint.

De nije rekkenmetoade is net allinnich foar Tytsjerksteradiel, mar ek foar dêr bûten. It learplan sil fan tongersdei ôf op de websiden schoolaanzet.nl en instaradvies.nl te finen wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)