Monasch net iens mei eigen partij oer Oekraïnereferindum

03 nov 2016 - 21:07
Jacques Monasch - Foto: ANP

Jacques Monasch, kandidaat-listlûker foar de PvdA, driget nije wike in moasje fan wantrouwen te stypjen fan de opposysje tsjin it kabinet oer it Oekraïnereferindum. Dat sei er tongersdei yn it NOS Journaal.

Monasch wol dat de útslach fan it referindum fan april respektearre wurdt, om't in mearderheid fan de Nederlannners him útspruts tsjin in assosjaasjeferdrach mei Oekraïne. It kabinet, mei syn eigen partij PvdA en de VVD, wol it ferdrach trochgean litte en siket in útwei om dit mooglik te meitsjen.

"Als het kabinet hier niet naar luistert, moet ik helaas een motie van wantrouwen steunen", seit Monasch. Hjirtroch kin der in grut konflikt ûntstean binnen de PvdA.

(Advertinsje)
(Advertinsje)