Nij ûndersyk nei gefolgen fan stoarten sân by Noardseekust

03 nov 2016 - 20:36

Der komt nij ûndersyk nei de gefolgen fan sânsuppleesjes op de natuer by de Noardseekust, wêrûnder ek de Fryske kust. Yn it ûndersyk wurdt sjoen nei bygelyks de gefolgen foar it boaiemlibben yn de Waadsee. Rykswettersteat besiket mei it stoarten fan sân op in tal plakken de kust yntakt te hâlden, sadat it lân en de minsken derefter gjin risiko rinne.

Oant en mei ferline jier binne de gefolgen foar de natuer dêrby ek ûndersocht, ûnder oare op It Amelân, mar der is ekstra ûndersyk nedich.

Der wurdt goed sjoen nei it gebiet tichteby en ûnder de brâning, dêr't it measte sân stoarten wurdt. In nijsgjirrige fraach is bygelyks wat soks docht mei de fisken dêr.

Natuerbehearders lykas Steatsboskbehear, Natuurmonuminten en It Fryske Gea wurde ek by it nije ûndersyk belutsen. Foar harren is it wichtich om út te finen wat it stoarten fan sân betsjut foar de natuerlike ûntwikkeling fan de dunen. Alle partijen hawwe yn in konvenant ôfpraten dat sy oant 2022 dit ûndersyk útfiere en stypje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)