Súdwest-Fryslân lûkt mear wettertoeristen

03 nov 2016 - 20:12
Wettertoerisme yn Heech - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Hieltyd mear wettertoeristen komme nei Súdwest-Fryslân. Yn fergeliking mei foarich jier kamen der dit jier 11 prosint mear boatsjeminsken troch de brêgen fan de gemeente. Súdwest-Fryslân hat dit útsocht troch te tellen hoefolle toeristen troch de brêgen en slûzen kamen. Dat wiene der dit jier oant septimber 357.496, wylst dat der yn deselde perioade foarich jier 320.706 wiene. De reden foar de groei is de moaie neisimmer fan dit jier.

It toeristysk seizoen kaam dit jier stadich op gong troch it kâlde foarseizoen, mar de simmer en foaral de moaie neisimmer makken dit ryklik goed. Dit binne de befiningen fan VVV Súdwest-Fryslân en in oantal campings en jachthavens yn de gemeente. De tellingen by brêgen en slûzen litte gemeentebreed itselde sjen: oeral passearren mear boaten.

Wethâlder Maarten Offringa is wiis mei de sifers. "Het is positief nieuws voor de recreatiesector dat er meer bezoekers en vaarbewegingen zijn", seit er. "Het lijkt er op dat het toerisme weer in de lift zit. Mensen zijn weer op zoek naar een boot en willen in 'ús moaie Fryslân' vakantie vieren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)