Van Aken hellet Sparta net

Joost van Aken kin freed yn de wedstriid tsjin Sparta net meidwaan. De sintrale ferdigener foel yn de wedstriid tsjin Feyenoord fan ôfrûne snein blessearre út troch in blessuere oan syn boppeskonk. Syn plak wurdt ynnaam troch Lucas Bijker. Links yn de ferdigening is der dan in basisplak foar Caner Cavlan. Ek Shay Facey komt werom fan in blessuere. De Ingelsman moat lykwols plak nimme op de bank.
Hearrenfean spilet tsjin de promovendus Sparta. De Rotterdammers skeakelen yn de beker PSV út en stean 9e yn de earedifyzje.
Opstelling: Mulder, Marzo, St. Juste, Bijker, Cavlan, Schaars, Kobayashi, Thorsby, Zeneli, Reza en Larsson.
Ien fan de spilers dy't dit seizoen it slachtoffer is fan de goeie resultaten is Simon Thern. De Sweed krijt hast gjin spylminuten. Doe't hy tsjin FC Eindhoven foar de beker wer gjin basisplak hie, wie hy teloarsteld. "Het moet niet te lang duren. Als ik in de winterstop nog niet speel, moet ik wel uitkijken naar een andere club." Troch syn blessuere fan ferline seizoen wie Thern mear as in healjier útskeakele. "Maar daarna heb ik nog niet echt een kans gekregen. Natuurlijk gaat het goed, maar eens vaker een invalbeurt en wat langer had ik wel verwacht."