Agnes Jongerius: oerlean fan € 1,40 is útrûpeljen

03 nov 2016 - 16:58
  • Agnes Jongerius fan de PvdA

Roemenen swart wurkje litte foar 1,40 euro de oere komt del op it útrûpeljen fan bûtenlânske wurknimmers. Dat seit Europarlemintariër Agnes Jongerius fan de PvdA. Se reagearret hjirmei op in rapport fan de arbeidsynspeksje. Dy ûndersocht de melding fan fakbûn FNV dat skipsbouwer Veka op De Lemmer 40 Roemenen swart oan it wurk hat foar in bysûnder leech oerelean.

It bedriuw Veka wol sels noch net reagearje op de berjochten. De direksje wol earst mei it fakbûn om de tafel en sil pas dêrnei reagearje.

Yn it Europeesk Parlemint is Jongerius rapporteur oer ferkringing op de arbeidsmerk en it útbuiten fan bûtenlânske wurknimmers. Bettere ôfspraken en bettere kontrôles, ek oer de lânsgrinzen hinne, moatte neffens frou Jongerius in ein meitsje oan útrûpeljen en ûnearlike konkurrinsje. Jongerius is dêr yn ferskate Europeeske lannen foarbylden fan tsjinkaam en hat ek sels ûndersyk dien yn Roemenië. Neffens har bart it geregeld dat Roemenen yn West-Europa oan it wurk binne mei in falske ferklearring dat se fersekere binne en belesting en preemjes betelje. It swart wurkjen hat neffens har ferskate neidielen. It soarget yn Roemenië foar 'braindrain', it fuortgean fan jonge fakminsken dy't it lân goed brûke kin. Yn Nederlân hat it as gefolch dat jonge minsken en wurkleazen dreech oan de bak komme, omdat se djoerder binne as de bûtenlânske útstjoerkrêften.

Brânzjeferiening Netherlands Maritime Technology (NMT) wol net op it gefal yngean. "Wij houden ons hier niet mee bezig", seit direkteur Roel de Graaf. "Scheepswerf Veka is een gewaardeerd lid van onze vereniging." De brânzjeferiening wiist der fierder op dat de konkurrinsje yn de sektor bysûnder grut is. Boppedat hawwe Nederlânske werven lêst fan ûnearlike konkurrinsje fan bedriuwen yn Spanje en Dútslân, omdat dy lannen - yn tsjinstelling ta Nederlân - de skipswerven finansjeel stypje.

Fakbûn FNV Metaal hâldt tongersdeitejûn op De Lemmer in byienkomst oer dizze problematyk foar wurknimmers en âld-wurknimmers fan Veka. Yn it Europeesk Parlemint is nije wike tiisdei in harksit oer dit probleem mei Europeeske fakbûnen. Dan komme ek Poalske wurknimmers oan it wurd oer it tema ûnderbetelling. It Europeeske Parlemint sil begjin takom jier stimme oer it foarstel fan Jongerius foar in nije, folle strangere 'detacheringsrichtlijn'.

(advertinsje)