Dantumadiel ropt ynwenners op om drugsdealers oan te jaan

03 nov 2016 - 15:50

Mei de kampanje 'Ken jij een drugsdealer?' wol Dantumadiel wat dwaan oan de tanimmende drugsoerlêst yn de gemeente. Doel is dat ynwenners folle faker as no drugsdealers oanjouwe by it sintrale meldpunt Meld Misdaad Anoniem.

Sa'n hûndert meiwurkers fan skoallen, gebietsteams en jongereinwurkers hawwe tongersdei om te begjinnen in workshop folge. Minsken fan de plysje hawwe útlein hoe't it meldpunt Meld Misdaad Anoniem krekt wurket. De dielnimmers soene dy ynformaasje fierder trochjaan moatte oan de ynwenners fan Dantumadiel.

Boargemaster Sicko Heldoorn wie by de workshop oanwêzich. Hy seit dat tsjûgen fan drugshannel faak benaud binne foar de gefolgen as sy de plysje warskôgje. Dêrom is it neffens him goed dat ynwenners fan syn gemeente mear ynformaasje krije oer Meld Misdaad Anoniem.

Ferline jier stjoerde it meldpunt mei-inoar 16.400 meldingen troch nei de plysje en oare opspoaringstsjinsten. Mei op grûn fan dy meldingen binne der 1900 fertochten oanhâlden, 1100 misdriuwen oplost en 113 misdriuwen foarkommen.

It meldpunt is berikber op www.meldmisdaadanoniem.nl en op telefoannûmer 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)