"Fryske top 100 moat fleuriger!"

03 nov 2016 - 15:32

Yn de Fryske top 100 en ek de TOP2000 fan radio 2 stean tefolle tryste, mankelike nûmers. Dat fynt Pieter Postma fan Burgum, hy stjoerde dêroer in ynstjoerd stik nei de krante. Omrop Fryslân-muzykredakteur Wim Brons is it mei him iens.

Postma sinjalearret dat yn de Fryske top 100 in soad tryste nûmers stean lykas 'Fûgels' fan Die Twa en 'In groet' fan Johannes Rypma. Gjin nûmers om fleurich te nije jier mei yn te gean. De manlju roppe op om mear op fleurige nûmers te stimmen. Dat kin fia de spesjale webside.

Yn de TOP2000 binne it nûmers as 'Imagine' fan John Lennon, 'Mag ik dan bij jou' fan Claudia de Breij en 'Stairway to Heaven' fan Led Zeppelin dy't it bêste skoare.

Genôch fleurige nûmers

"Blykber binne dat dochs de nûmers dy't de minsken it measte reitsje as it der op oankomt", sa seit Wim Brons. Hy stipet lykwols de oprop fan Postma om fleuriger it âldjier út te gean. "Minsken kom op, der is genôch te kiezen.", sa seit Brons. Hy wiist der op dat der ek genôch fleurige ferskes yn it Frysk binne, lykas de willepop fan Strawelte. "Yn it ferline stie 'De mem fan Doutzen' faak heech yn de Fryske top 100. Blykber is dat wat fuortsakke."

(Advertinsje)
(Advertinsje)