Tbs foar hammerswaaier út Noardwâlde

© Omrop Fryslân
De 27-jierrige man út Noardwâlde dy't yn juny buertbewenners te liif gie mei in hammer, is feroardiele ta tbs mei twangferpleging. De straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.
De rjochters fine poging ta deaslach, mishanneling en bedriging bewiisd. De man nûge twa freonen by him thús út foar in bierke. Yn de wenning lei swart plestik op de flier. De freonen moasten op it plestik knibbelje. De man pakte in hammer en begong dêrmei te swaaien. Ien fan de freonen wist út te naaien om help te heljen.
In buertbewenner dy't de wenning yngie, krige klappen mei de hammer. Ek waard it slachtoffer yn it gesicht skopt. Oare buertbewenners waarden mei de dea bedrige. De man út Noardwâlde is psychysk slim siik en dêrom kin er neffens de rjochters net feroardiele wurde ta in selstraf. De man moat jierrenlang ferplege wurde yn in sletten ynstelling.