Drachtster sikehûs krijt Gouden Smiley foar bernegenêskunde

03 nov 2016 - 13:30
It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ôfdieling bernegenêskunde fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat fan de lanlike pasjinteorganisaasje Kind & Ziekenhuis de Gouden Smiley krigen. Sikehuzen krije dy as se foldogge oan de kritearia foar op bern rjochte soarch. It giet dan bygelyks om it bern wêzen, pine en eangst, respekt, privacy en goeie ynformaasje.

Yn it rapport oer Nij Smellinghe stiet dat de berne-ôfdieling iepen, persoanlik en gemoedlik is. Der stean ek ferhalen fan jonge pasjinten yn it rapport. Ein ferline jier krige de kreamôfdieling al de Brûnzen Smiley.

Marinka van Beukering, haad bernegenêskunde by it Drachtster sikehûs is út de skroeven mei it predikaat: "Wij zijn enorm trots! Als team hebben wij aangetoond dat je samen veel kunt bereiken. Beleid maken, daarmee begint het. Om vervolgens samen de handen uit de mouwen te steken en alle doelen realiseren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)