Omrop TIP: Bouwe oan in taal

06 nov 2016 - 07:04

De Ingelsen kenne allegear Shakespeare, alle Dútsers kenne Goethe. Wêrom kenne wy Friezen dan mar amper Gysbert Japicx? De Fryske taal wie yn de 17e iuw op stjerren nei dea. Oant Gysbert Japicx út Boalsert yn it Frysk begûn te dichtsjen. Hy wie sa suksesfol dat hy dêrmei it Frysk fan de ûndergong hoede. 350 jier nei syn dea sjocht Fryslân DOK yn in trijelûk nei wat Gysbert Japicx no krekt foar de Fryske taal betsjutten hat.

Krityske blik

Om te sjen hoe't Gysbert Japicx der ta kaam om, feitlik as earste yn syn tiid, de sprektaal Frysk te brûken yn syn gedichten, dûkt Fryslân DOK syn libben yn. Yn de trije ôfleveringen litte wittenskippers, skriuwers en musisy sjen dat elk syn eigen fyzje hat op de rol fan Gysbert Japicx. Ald heechlearaar Philippus Breuker hat ûndersocht wat Gysberts driuwfear wie en hoe't syn wurk destiids ûntfongen waard.

De romantikus hâldt graach it byld oerein fan de skriuwer dy’t dwers tsjin de stream yn gie, dy’t foar it Frysk fjochte wylst syn famylje troffen waard troch de pest. Minsken mei in krityske blik stelle harren fraachtekens by it hieltyd mar krewearjen om Gysbert yn eare te hâlden wylst nimmen syn wurk noch lêst.

De rol fan Japicx

Gysbert Japicx krige yn syn tiid, de 17e iuw, nasjonale en sels ynternasjonale erkenning; taalwittenskippers binne it deroer iens dat hy in wichtige rol spile yn it rêden fan it Frysk as skriuwtaal. Feit wie dat Gysbert syn wurk belangryk genôch wie om bewarre te bliuwen yn de wrâldferneamde Bodleian Library yn Oxford. Fryslân DOK wist dêr de orizjinele hânskriften fan Gysbert Japicx foar de kamera te krijen. 

In trijelûk

Yn ‘Bouwe oan in taal 1’ is Gysbert Japicx syn libbensrin te sjen en wurdt dúdlik hoe’t hy ta syn wurk kaam. Yn ‘Bouwe oan in taal 2’ wurdt djipper yngien op it wurk fan Gysbert en besiket Omrop Fryslân út te finen hoe goed it no eins wie. Gysbert hie ek in muzikale kant, in soad fan syn teksten skreau hy as lietteksten. Yn ‘Bouwe oan in taal 3’ is Omrop Fryslân yn Oxford en wurdt besocht antwurd te krijen op de fraach hoe’t it no fierder moat mei it ikoan fan de Fryske literatuer.   

It trijelûk ‘Bouwe oan in taal’ is fan snein 6 novimber ôf, trije sneinen fan 17.00 oere ôf, alle oeren te sjen op Omrop Fryslan Telefyzje. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)