Fryslân hat no 200 twatalige bernedeiferbliuwen

(stockfoto) © ANP
Fryslân telt op dit stuit 200 twatalige (Frysk en Nederlânsk) bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken. De 200ste lokaasje is 'De Zeeparels' yn Stiens. Op alle 200 lokaasjes wurdt wurke oan in twatalige ûntwikkeling fan de bern.
Deputearre Sietske Poepjes sil oare wike freed op besite by De Zeeparels. Dan jout se ek har fyzje op de ûntwikkeling fan de twatalige berne-opfang yn Fryslân. De twahûnderdste twatalige lokaasje sit ûnder ien dak mei ien fan de earsten: pjutteboartersplak De Oesterkes. Dat is oprjochte yn de jierren '90.