Hieltyd mear Friezen meitsje gebrûk fan berne-opfang

03 nov 2016 - 10:03
Foto: ANP

Der gienen ferline jier yn Fryslân mear bern nei de berne-opfang as yn 2014. Dat jier gie 35 prosint fan de pjutten yn de provinsje nei in bernesintrum, yn 2015 wie dat 39 prosint. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo. De stiging is it gefolch fan it omfoarmjen fan pjutteboartersplakken nei bernedeiferbliuwen.

Tusken 2014 en 2016 ferdwûn de helte fan de pjutteboartersplakken yn Fryslân en kamen der 82 bernedeiferbliuwen by. Yn njoggen gemeenten yn de provinsje binne no noch pjutteboartersplakken en de ferwachting is dat ek dy stadichoan ferdwine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)