Opknapbeurt foar it streekmuseum yn Burgum

It streekmuseum yn Burgum hat twa nije eksposysjeromten. De noardlike fleugel fan it museum hat in opknapbeurt krigen en kin no romte jaan oan twa nije eksposysjes. Ien eksposysje giet oer de ferneamde kaper en siler Hendrik Bulthuis fan Burgum. De oare eksposysje hjit 'Minsken' en giet oer de ferskillen tusken earme en rike Burgumers eartiids. Der wurdt sulver en tekstyl tentoansteld.
Beide binne fêste tentoanstellings, mar der wurdt sa no en dan wol wat feroare oan de ynhâld. Yn de takomst wol it museum noch mear renovearje, sa stiet it middenpaad al op de planning foar kommend jier.
Lêzings
Oankommend wykein binne der twa lêzings oer Hendrik Bulthuis yn it museum. Ek wurde de iepeningstiden útwreide, it museum is no elke sneintemiddei te besjen fan 13.00 oant 17.00 oere.