Fuotballers SC Cambuur krije takom wike iishockeyles

03 nov 2016 - 08:43
Foto: Dijks Fotografie

SC Cambuur stapt takom wike tongersdei it iis op fan de Elfstedenhal yn Ljouwert foar iishockeyles. De fuotballers krije training fan de Ljouwerter Capitals.

Cambuur krijt les yn it brûken fan de stick en it posysjespul fan iishockey. Ek wurdt der sjoen nei de spulregels fan iishockey, dêr't wurke wurdt mei in fideoskiedsrjochter, tiidstraffen yn stee fan giele en reade kaarten en ûnbeheind wikselje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)