Friso Bouwgroep nimt Grinzer oannimmersbedriuw oer

02 nov 2016 - 21:22
Bouwgroep Friso

Friso Bouwgroep út Snits nimt it Grinzer oannimmersbedriuw Bouwborg oer fan Ballast Nedam. By de oername geane sa'n tritich meiwurkers oer nei Friso. Ballast Nedam ferkeart yn swier waar en woe Bouwborg nei mear as 10 jier wol kwyt.

De oername fan Bouwborg is al de twadde foar Friso Bouwgroep yn in koart skoftke tiid. Earder naam de Fryske bouwer ek al de noardlike fêstiging fan boubedriuw Jurriëns yn Grins oer. Ek doe giene sa'n tritich meiwurkers oer nei Friso, dêr't no mear as 500 minsken wurkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)