Steatssekretaris Van Dam yn diskusje mei melkfeehâlders

02 nov 2016 - 21:14

Goed tûzen boeren binne woansdeitejûn yn Zwolle byinoar kaam foar in byienkomst mei steatssekretaris Van Dam fan lânbou. De boeren ha soargen oer de saneamde fosfaatrjochten. Troch it loslitten fan it molkekwotum hawwe boeren ynvestearre yn kij, mar dêrtroch wurdt mear dong produsearre en yn dong sitte fosfaten.

Gjin hert foar melkfeesektor

It is no noch sa dat Nederlân in útsûnderingsposysje hat yn Europa en mear dong útride mei as oare lannen. Mar trochdat ús lân der net yn slagget om it dongoerskot werom te bringen, reitsje we it rjocht om mear út te riden mooglik kwyt.

Dat soe foar in soad boeren dramatyske gefolgen ha. Se moatte dan kij fuortdwaan wêrtroch't de ynkomsten nei ûnderen gean, wylst se al hast gjin jild mear binnen helje troch ûnder oare in lege molkepriis. De boeren yn de seal ferwite de steatssekretaris dat er gjin hert hat foar de melkfeesektor.  

(advertinsje)
(advertinsje)