Ien ûntsnapte oehoe út De Westereen is wer teplak

02 nov 2016 - 20:16

Ien fan de trije ûntsnapte oehoes is wer terjochte. Tiisdeitejûn is in foliêre by De Westereen doelbewust iepenbrutsen. De fûgels naaiden doe gau út.

De gigantyske rôffûgels binne al in pear kear sjoen yn de omkriten fan de foliêre. Se falle dan ek wol op. De ûlen binne 60 oant 70 sintimeter heech en hawwe in spanwiidte fan 1 meter 20.

It mantsje is no wer werom. Hy siet op it dak by de eigener. Komme je no in oehoe tsjin, bliuw dan út de buert want de bisten binne net benaud foar minsken en kinne gefaarlik wêze.

De eigener hat op Facebook in oprop dien om de oehoes werom te finen.

Trefwurden: 
oehoe De Westereen
(advertinsje)
(advertinsje)