Nije app moat kontakt tusken âlden en skoalle ferbetterje

© Omrop Fryslân
Hast 150 basisskoallen yn Fryslân meitsje fan no ôf gebrûk fan in nije app om te kommunisearjen mei âlden. Yn de app foar de telefoan of tablet kinne leararen berjochten pleatse oer hoe't bygelyks in les gien is. Ek kinne der 1-op-1 berjochten stjoerd wurde nei âlden.
De ôfrûne tiid hat in tsiental skoallen de app útprobearre. De reaksjes wiene posityf. De belutsenheid fan de âlden by de skoalle nimt ta.
De app is fan no ôf beskikber foar alle basisskoallen. Op de earste dei ha har yn Fryslân al 147 skoallen oanmeld. De app is in idee fan softwareleveransier Topicus Onderwijs.