Wethâlder: Pas 'Er gaat niets boven Groningen-keunst' oan

It keunstwurk yn Iezumakeech by it Lauwersmargebiet moat oanpast wurde. Dat wol wethâlder Albert van der Ploeg fan de gemeente Dongeradiel. Op it keunstwurk stiet de tekst 'Er gaat niets boven Groningen' en dat soarget foar argewaasje by guon Friezen.
Neffens Van der Ploeg komt it troch in misferstân dat de tekst 'Er gaat niets boven Groningen' op it keunstwurk stiet. Yn it ûntwerp dat de gemeente Dongeradiel goedkard hat, stie de Grinzer leus noch net. Se wiene dan ek ferrast doe't se de tekst op it keunstwurk seagen.
In oplossing hat Van der Ploeg wol. "We fine dat der wat by moat. 'Fryslân Boppe' of in letter fuort helje sadat der 'Er gaat iets boven Groningen' stiet", seit de wethâlder mei in knypeach.