Basisskoallen Tytsjerksteradiel sille fusearje

02 nov 2016 - 16:22

Basisskoallen yn Eastermar, Jistrum, Noardburgum en Tytsjerk sille yn de takomst fusearje. De gemeente wol graach ynspylje op de fergrizing en it ôfnimmend tal basisskoallebern. PCBO Tytsjerksteradiel en OPO Furore hawwe dêrom besletten dat yn de doarpen dêrt it fuortbestean fan ien of beide skoallen faai stiet, ien grutte skoalle komme moat. Yn sa'n skoalgebou komme net allinne skoalbern, mar bygelyks ek in bernedeiferbliuw en pjutteboartersplakken.

Tafelpetear

De ôfrûne tiid hat de gemeente peilingen en tafelpetearen hân mei doarpsbelangen, skoallen en âlders om te hearren wat men wol. It foarstel fan PCBO en OPO Furore moat noch goedkart wurde. As it plan trochgiet, sille alle fúzjes yn 2019 klear wêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)