Wurk oan fytspaad oer âlde spoar Stiens kin fierder

02 nov 2016 - 15:49
Foto: Jan Dirk de Haan, Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwerteradiel wol nije wike wer begjinne mei it wurk oan it nije fytspaad oer it âlde spoar fan Stiens nei Jelsum. It wurk lei stil omdat Rail Pleasure Holding in rjochtsaak oanspand hie. Dy hat it plan om mei spoarfytsen oer it âlde spoar te riden.

Rail Pleasure Holding fûn dat de oanlis fan it paad net past binnen it bestimmingsplan. De rjochtbank hat de measte beswieren woansdei lykwols ôfwiisd. In rekreatyf fytspaad past neffens de rjochter wol by de bestimming 'grien' dy't de gemeente oan de âlde spoarbaan jûn hie.

Ien probleem bliuwt noch wol bestean: dat is de oanlis fan in nije brêge oer de Stienzer Feart. De âlde spoarbrêge is fiif jier lyn al sloopt. De gemeente tocht dat der foar de nije brêge gjin boufergunning nedich wie, mar dêr is de rjochter it net mei iens.

Trefwurden: 
fytspaad spoar Stiens
(Advertinsje)
(Advertinsje)