EK-flagge fan Vlaggencentrale

15 maaie 2012 - 13:44

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat in EK-flagge 2012 makke. Der binne al sa'n hûndert fan dizze EK-kampioensflagge ferkocht, meldt it bedriuw. It ûntwerp is basearre op de WK-flagge fan 2010.

EK 2012, Holland Kampioen, stiet op de flagge. Fansels hat de kleur oranje de oerhân. Twa jier lyn ferkocht de flaggesintrale sa'n 10.000 eksimplaren fan de WK-flagge. It bedriuw tidigt der op dat der ek foar de EK-flagge in soad leafhawwers te finen binne.

(advertinsje)
(advertinsje)